Home

Home

Tige wolkom op de site fan sjongkoar Excentriek ût Ryptsjerk

Excentriek is in mingd ‘doe-koar’, dat foar syn publyk mar tagelyk ek mei en tusken de minsken foar it poadium sjongt. Wy wolle dingen krekt eefkes oars delsette as it gewoane.

Us koar hat in breed repertoire. It giet fan Nederlânsktalich nei Frysk en Ingelsk. Wy bringe fan folksliet oant smartlap, mar likegoed ek modern populêr wurk en krystlieten. Dit alles ûnder de besielende lieding fan dirigint Rinke Schroor.

Excentriek fersoarge al optredens yn fersoargingshuzen, op festivals, by krystmerken. Ek ha wy kombinaasjekonserten dien mei oare koaren, ensafuorthinne.

Us gesellige repetysjejûnen binne op moandei, fan 20 oant 22 oere yn doarpshûs De Einekoer, Heermawei 3 yn Ryptsjerk. Us sjongers komme fan Ryptsjerk, mar ek út doarpen yn de wide omkriten. Nocht oan sjongen is genôch om mei te dwaan, noaten lêze is gjin betingst.

Liket it jo/dy aardich om mei te sjongen? Kom frijbliuwend in jûn te sjongen!

Foar ynformaasje sjoch it tillefoannûmer ûnder ‘kontakt’.

Oant sjen yn it doarpshûs of by in konsert!

 ==================================

Welkom op de site van Koar Excentriek uit Ryptsjerk.

Wij zijn een doe-koor, die voor het publiek, met en tussen het publiek zingt. Wij willen dingen net even anders neerzetten dan het gewone.

Wij hebben een breed repertoire: Van Fries-, Nederlands- en Engelstalig, van volkslied, smartlap tot populaire liedjes. Dit alles onder de bezielende leiding van dirigent Rinke Schroor.

Excentriek verzorgt optredens in verzorgings- en verpleeghuizen, festivals en kerstmarkten. Ook geven we concerten in samenwerking met andere koren.

Onze gezellige repetitieavond is op maandagavond van 20.00 tot 22.00 uur in het dorpshuis de Einekoer, Heermawei 3 in Ryptsjerk.

Lijkt het je leuk om mee te zingen: kom een avond vrijblijvend meezingen om te kijken of het iets voor je is. Leden van het koor komen niet alleen uit Ryptsjerk, maar ook uit de dorpen in de omgeving. Zin in zingen is voldoende om mee te kunnen doen, je hoeft geen noten te kunnen lezen!

Voor meer informatie: Zie kopje contact.

Tot ziens bij een repetitieavond of een concert!