Tige wolkom op de site fan koar Excentriek ut Ryptsjerk.

Excentriek is in mingd sjong- en theatraal koar, dat foar syn publyk mar tagelyk ek mei en tusken de minsken foar it poadium sjongt.
Wy wolle dingen krekt efkens oars delsette as it gewoane.

Us koar hat in breed repertoire. It giet fan Nederlanstalich nei Fryske en Ingelsk.
Wy bringe fan folksliet oant smartlap, mar like goed ek modern popular work en krystlieten. Dit alles under de besielende leiding fan dirigent Rinke Schroor,
dy’t us begeliedt op toatseboard, gitaar en akkordeon.

Exenctriek fersoarge al optredens yn fersargingshuzen, op festivals, by krystmerken.
Ek ha wy kombinaasjekonserten dien mei oare koaren ensafuorthinne.

Us gesellige repetysjejunen binne op moandei fan 19:45 oant 22:00 oere in doarpshus De Einekoer yn Ryptsjerk. Us sjongers komme fan Ryptsjerk,
mar ek ut doarpen yn de wide omkriten. Nocht oan sjonge is genoch om mei te dwaan.

Liket it jo/dy aardich om mei te sjongen? Kom frijbliuwend in jun te sjongen!

Foar ynformaasje sjoch it tillefoannummer under “kontakt”.

Oant sjen yn it doarpshus of by in konsert!

CONTACT:
Voor informatie over een optreden of om mee te zingen kunt U altijd bellen
met onze voorzitter Jan Sj. van der Kooi:
0511- 431 965 of 06-41455681. Mailen kan ook: excentriek@gmail.com.
Wij repeteren op maandagavond van 19.45 uur – 22.00 uur in doarpshûs
De Einekoer, Heermawei 3 in Ryptsjerk.

Wij horen graag van U.